Harke ferlit ynternetgroep

Mear as 7 jier hat er yn ’t spier west foar reduzum.com mar justerjûn hat Harke van der Wal de foarsittershammer dellein. Harke wie mei Rinie DE grutte krêft efter dizze website. Under syn lieding is de site úteinset en sa moai wurden at er no is.De ynternetwurkgroep betanket Harke foar syn grutte ynset.