Fryske Anjer foar Baukje Wytsma
Se is ien fan de meast konstante talinten yn de Fryske poëzy, sa fynt it bestjoer fan it Prins Bernhard Cultuurfonds Fryslân. Dêrom krige Baukje Wytsma juster út hannen fan kommissaris Nijpels de Fryske Anjer opspjelde.