Gjin gegriem op eigen hiem
As de auto smoarch is moat er wolris wosken wurde. Gjin gegriem mei wetter op eigen hiem tocht Wiebe de Boer. Mei in reagebol en in amer yn de auto gong er nei de Haven. En wêrom djoer kraanwetter brûke as de auto mei wetter út de haven ek wol skjin wol.