De terp is boppe wetter

By it meitsjen fan plannen foar de nije wenwyk “Swinlân”, kaam oan de oarder dat Reduzum in terp hie. De terp stamt út it begjin fan ‘e jiertelling en leit net djip ûnder de grûn. Mar no ‘t de grutte rûge bulte grûn, dy’t dêr al in skoft op lei, bewurke is, is der dochs in moaie terp ûntstean.