Swarte Pyt hoecht net mear it dak op
De ARBO-regels wurde foar de swarte piten elk jier oanskerpe. Net te swier tille en yn de takomst ek it dak net mear op. Pleatselik tigchelkachel spesjalist hâldt dêr no al rekken mei. Troch in noviteit komt de reek by ien húshâlding op it Swinlân net út de skoarstien, mar út de grûn. Swarte Pyt hoecht dêr no it dak net mear op.