Kuorballers noch hieltyd koprinner

De kuorballers fan Mid-Fryslân hawwe fannemiddei de wedstryd tsjin Oost Arnhem, wûn mei 24-23. Yn ‘e earste helte like Mid-Fryslân op in grutte oerwinning ôf te gean. Mar yn ‘e twadde helte kaam Oost Arnhem werom oant 23-23. Pas yn ‘e lêste sekonden koe Mid-Fryslân de winst dochs noch beskreppe. Mid-Fryslân bliuwt troch de winst nei seis wedstriden sûnder puntferlies boppe-oan yn de haadklasse. Bron:Omrop Fryslân