Fytspaad oer de Swette

In pear jier ferlyn is der op in jiergearkomste al ris praat oer in fytspaad oer de Swette rjochting Boazum. Dat fytspaad is der noch net, mar komt der wol. Neffens de gelearden wurde de plannen fan it fytspaad yn 2010 útfierd. Yn Baarderadiel is men no dwaande mei de oankeap fan grûn. As dat klear is, moat der fan ferskate partijen foar de oanlis fan it fytspaad noch jild komme.