Polly Perkins

It toaniel is noch leech. De spilers krije yn de seal de lêste ynstruksjes fan Romke de Leeuw. “Fûler slaan, hy is net fan sûker.” De lûdsman kriget syn oanwizings. En dan moat elkenien der klear foar wêze. Oare wike is it sa fier. Dan bringt ROTO it blijspul “Polly Perkins” op de planken.