Hylke Hylkema ek de earste

Fannemoarn efkes foar tsien oere fûn Hylke Hylkema by Easterwierrum it earste ljipaai fan Littenseradiel. Middeis mocht hy it aaike oan boargemaster Johanneke Liemburg oanbiede. As beleaning kriget er €15 en in oarkonde.