Drokte om it ljipaai

As foarsitter fan de aaisikersclub “Moarnsier” hie Jehannes Zijlstra it de lêste twa dagen mar drok. Trije Redústers fûnen it earste ljipaai fan respektivelik de gemeenten Boarnsterhim, Littenseradiel en Ljouwert. Alle kearen gongen hy en fotograaf Piet Elzinga mei nei it gemeentehûs. Hjoed makke GP TV TV opnamen oer dit barren.