Wettertoerisme

Dizze twa toeristen troffen it juster net. Al farrend oer it Swin waarden se oerfallen troch in wolkbreuk. Doe wie it oeral wetter. Under, boppe en yn de boat. Om de boel te droegjen sloegen se tydlik har kampement op oan it haventerrein.