Fytsdei Vrouwen van Nu útsteld

Piet Paulusma hat it oer in “dipke” wat it waar oangiet, dêrom ha de Vrouwen van Nu mar besletten om de fytsdei fan moarn, 13 augustus, 14 dagen út te stellen. Se sille besykje der op 27 augustus noch in moaie fytsdei fan te meitsjen. De start is om 9.00 oere by kafee-bar de Welp. Wa har al opjûn hat foar woansdei de 13e, hoecht dit net wer te dwaan. Wa ‘t noch mei wol, moat dit op ‘e tiid witte litte, sadat it ferfier regele wurde kin. Ymkje v.d.Sluis til.058-2551117 en Tjitske Spijkstra til. 601819