Mud op rôftocht

De natoer is moai, mar ek wreed. Sa hat in mud de lêste nachten op rôftocht west. Hy hat oan de Legedyk en Haedstrjitte mei sukses in oantal hinnehokken besocht. In warskôging foar eigners om de hinnen by nacht mar binnen op te slúten.