Wa is de sterkste

Dêr stie Alfred Tanahatoe foar op de boat. Drok dwaande mei in dikke snoek dy’t er oan de angel hie. Mar de snoek joech net ta en luts de fisker kompleet mei sigaar it wetter yn. Doe’t er wer boppe kaam wie de sigaar út en de fisk fuort.