Partikuliere grûnfersetters socht

Twa keer yn ‘t jier organisearret museum De Trije Gritenijen yn Grou neist de fêste kolleksje in wikseltentoanstelling. Yn de moannen desimber, jannewaris en febrewaris wurdt de winterkesposysje “Boayemfynsten” holden. En dan giet it benammen om saken (dingen) dy’t fûn binne yn de grûn fan ús eigen omkriten. Om’t we witte dat in hiel soart minsken ynteressearre binne yn wat der allegearre te finen is en dat faaks ek sammelje, wolle wy dat sjen litte yn ús museum. Minsken dy’t in samling ha, minsken dy’t faak oan’t it graven binne en miskien wurkje mei in metaaldetektor, nim kontakt mei ús op. Wij sille dan sjen oft we der in moaie útstalling fan meitsje kinne. Graag kontakt opnimme mei Ant Wiersma. till:0515 521639 aukeenant@hotmail.com Of Jans Koot. till 0515 434447 janskoot@hetnet.nl