Oaljebollen útsutele

Fan ‘e moarn waarden troch fertsjinwurdigers fan de doarpsbelangen de bestelde oaljebollen útsutele. Redústers meie blykber graach útsliepe: by frij wat hûzen hinge fan ‘e moarn om in oere as 10 in pûde mei lekkere oaljebollen of appelflappen oan de kruk fan de foardoar. De opbringst (krekt wat mear as ferline jier: 404,60 euro) is bestemd foar de oanskaf fan defribilators.