Lok foar Nynke

Doe’t Nynke Boersma, fan Friens, mei heit yn ’t lân wie, fûn se in klaverke fjouwer. No is in âld ferhaal dat ûnder de klaverfjouwer jild bedobbe sit. No hoopje we mar dat Nynke net fergetten is wêr ’t it klaverke stie.