Bokbierjûn ynspiraasje foar Redúster brouwers

20 serieuze bokbierdrinkers gongen mei-elkoar om tafel foar in bokbier priuwerij. Nei’t bierkenner, dhr Vogel fan Grou, útlis jûn hie oer de soarten bier en hoe’t der beoardield wurde moast, koe de dop mar fan de flesse.