Iepen wetter foar einen
In tal warbere Redústers hat juster de hannen út de mouwen stutsen. Foar de einen oan de Legedyk hawwe se it wak iepen makke dat troch de snie ticht stood is. Bôle foar harren is wolkom. De Fûgelwacht stelt dizze winter ek foer beskikber. By Marco Zijlstra, Haedstrjitte 48, kin dit ôfhelle wurde.