Mei elkoar nifelje
Learkrêften en hulpâlden ha, oanstutsen troch entûsjaste bern, ûnder lieding fan Anneke Boonstra woansdeitejûn op skoalle prachtige poppen makke. Dizze poppen binne net te keap. Oare spullen dy’t makke binne mei deselde technyk, binne 30 maart wol te keap op de foarjiersmerk op de TDS.