It earste ljipaai fan de TDS

Sneintemoarn om healwei sânen fan bêd, mei heit it fjlid yn en dan it earste ljipaai fan skoalle fine. Dêr kin je dochs allinnich mar fan dreame. Mar it oerkaam Hessel de Ree, dy’t om 7.15 oere in ientsje fûn yn it Leechlân. De beker, en 5 euro binne dus foar Hessel.