It maitiidsgefoel op de foarjiersmerk
Op de goed slagge foarjiersmerk fan de TDS gong net ien mei lege hannen nei hûs. Neist blomkes wie der in soad spul om je tún of hûs mei op te kreazjen. Omrop Fryslân wie de hiele middei oanwêzich om opnames te meitsjen foar it maitiidsgefoel fan HEA! Moarn kinne jim de útstjoering op televyzje sjen.