Oprop oan hûnebesitters
Yn in soad wâlskanten yn Reduzum leit hûnestront. In smoarge boel. Dêrom in oprop fan it Doarpsbelang-bestjoer oan de hûnebesitters: Romje de stront op, nim asjeblyft in pûdsje of in skeppe mei.
Fierder binne der minsken dy´t harren hûn los rinne litte. Dit mei net en jildt foaral foar it nije rinpaad.