Bob de bouwers yn de sânbak
No’t it de lêste dagen moai sinneskyn waar is, binne de wegenbouwers ek folop oan ’t wurk. Oan de Smedingstrjitte wurdt der boud oan nije diken. Neist ekstra parkearplakken, hawwe dizze fjouwer jonges ek al in echt fiadukt oanlein.