Springkessen foar Frienzer jeugd

De bern yn Friens ha sûnt tongersdei harren eigen springkessen. Jeugdwurk krige it kessen fan Johan Bergsma -út namme fan Frienspop- en Rudi Fennema, dy’t sûnt er syn eigen bedriuw hat, alle jierren immen sponsort.
Foar dat de bern springe koene, ha de memmen fan Friens it kessen testen.