Moai waar en medalje foar kuierders
Sa’n 130 minsken hawwe dizze wike mei prachtich waar de kuier fjouwerdaagse rûn. Al kuierjend koene de dielnimmers genietsje fan ferskate moaie plakjes yn de omjouwing fan Reduzum. Troch de lannen, hinne en wer oer de Swette of efkes by de boer oer ’t hiem. En oan de ein wie der foar allegear dy medalje.