Swimlokaasje Swinlân

De temperatueren rinne wer op, it wurdt foar sommigen al wer tiid om it wetter yn te gean. It bestjoer fan Doarpsbelang docht in dringend fersyk om net te swimmen yn it Swin efter Suderom mar yn de nije haven op it Swinlân. Dit om de beplanting dy’t yn de wâlskant efter Suderom setten is, in kâns te jaan.