Learsume bedriuwedei

Der foel in soad te sjen en te leare op de iepen bedriuwedei. Ferskate bedriuwen presintearen har hjoed yn de buorren. By Krekt op Maat koene ûntwerpers yn spé in tekening meitsje fan har favorite meubelstik. En ek in dûk út de auto helje is foar guon bern gjin probleem mear.