De boer op

Henk, Jos en Johan Bergsma binne der klear foar. Sneon hâlde se op harren bedriuw in iepen dei. Sûnt dizze maitiid melke se yn de nije stal, mei plak foar 200 kij. Twa kear deis draaie 28 kij yn de draaimolkstâl rêstich harren rûntsje.
Elts is wolkom fan 10 oant 16 oere oan de Van Sytzamawei 7 yn Friens.