De lêste jierdei op skoalle

Foar alles is der foar Henk dit jier in lêste kear, sa ek foar it fieren fan syn jierdei. Henk hie dit graach sa mar efkes dien, mar dat slagge net. De bern wisten der fan en de measten kamen moai ferklaaid op skoalle. En sa hie groep 6 ek hjoed in feestdei, yn dizze feestwike, is dat net prachtich?