Wat docht de thúsbliuwer?

De nichtsjes Mirte en Brecht binne yn de fakânsje gauris by elkoar útfanhûs. Mar it leafst geane se nei Beppe Anneke en Pake Jan. De knuffels en de nachtklean yn de tas. Mear ha se net nedich foar in nachtsje hiel lang prate mei inoar. En as sy moarns iere betiid wekker wurde, kletse se gewoan wer fierder.