Otto van der Meulen mei de fut
Otto van der Meulen koe der tongersdei net ûnderút: PAK 1 moast oan. Nei 43 jier sit syn wurksume libben derop. Syn wurkjouwer, in garaazje út Ljouwert, hie in knappe Mercedes stjoerd. Otto, Gerrie en de bern sille grif in moaie jûn ha. Want 43 jier by deselde saak bliuwt fansels bysûnder.