Donateursaksje skoalbus

Al 75 jier rydt de skoalbus de bern fan Idaerd en Friens nei skoalle. Om’t de brânstof en it ûnderhâld hieltiden djoerder wurdt, moat der jild op tafel komme. Dit bart troch in donateursaksje. Dizze wike giet de buskekommisje yn de trije doarpen by de doar lâns foar stipe foar it buske.