Loei goeie pleechsoarch
Yn Friens is pleechsoarch de gewoanste saak fan de wrâld. By de Brinksma’s hat pleechmem Corrie de soarch fan fiif wouterkes op har naam. Se is tige wiis mei har ‘bern’ en bepopket se hielendal. En sels it iten is gjin drokte. Ommers foar dizze lamkes is der molke genôch.