Hjir sit in rookje oan

Mei de boereplons, kultsjebrekke, of sûnder pols, de oare kant is soms fierder fuort dan je tinke. En wat in wille as der wer immen út it wetter kaam mei of sûnder skoech. Groep 5 oant en mei 8 gong fannemiddei op ‘praktykles’. Jinke Kuperus fan Wurdum koe noch in ferskaat oan ljepperstips jaan.