My home is my castle
Yn opdracht fan de wenningbouferiening wurde huzen oan de Master Gorterstrjitte renovearre. Dit om yn de takomst foar de bewenners fan har hûs in wier paleiske te meitsjen. Oeral wurdt om tocht. Der is sels in slotsgracht oanlein mei in karakteristike klapbrêge.