Ald papier ophelje
Woansdei wurdt it âld papier ophelle. Omrin sil jûns mei help fan frijwilligers de bakken leegje. We moatte der mei ús allen om tinke, om safolle mooglik bakken by elkoar te setten, mei it hantfet nei de dyk. It papier mei net yn de bak stampt wurde, om’t de bak oars net goed lege wurde kin.