Die Twa jout húskeamerkonsert by famylje Jorna

Troch it ophingjen fan in spesjale poster hat de famylje Jorna fannemoarn betiid in unyk konsert wûn fan Die Twa. Yn de hjerstfakânsje stjoert Omrop Fryslân de Fryske Top 1000 út en hat dêrom dizze aksje opset.
Rûn healwei njoggenen sieten se mei syn allen thús klear foar it konsert fan Die Twa. Behalve soan Jannes, dy’t allinich foar de Hûnekop fan bêd komt.