Mines docht soks net
Der is op ‘t stuit in ploechje jongelju fan in jier as 14, 15 dat jûns op ‘e dyk omsleept en net wit wat se útfine sil. Dat hat ta gefolch dat se hjir en dêr de boel ferniele en foar oerlêst soargje. Doarpsbelang wol graach dat minsken dy ’t oerlêst ûnderfine sels oanjefte dogge by de wykplysje.
Alders, praat hjir ek ris oer mei jim bern. En tink net te gau ‘Mines docht soks net!’