Stoarmskea yn Friens

De stoarm fan fannacht hat derfoar soarge dat Friens ôfsluten is fan de wide wrâld. In beam oan de tagongswei is omwaaid. Hjirtroch binne de wetterlieding en de tillefoankabel kapot rekke. De wetterlieding is no al wer makke, mar skilje as kontakt fia it ynternet mei de Friensers kin noch net.