It Swin út
IIsmasters Loekie en Henk binne it Swin út west mei de prikstok en de faaimasine. Oan’t de spoarbrêge is der in moai paad makke, fandêr nimt Grou it oer. Op alle plakken is it lykwols feilich, sels ûnder de brêgen leit rûnom mear as njoggen sentimeter iis.
Ek nei Jirnsum ta kin no al riden wurde, jo moatte wol de súdlike kant oanhâlde.