Lid yn de orde fan Oranje Nassau
Alie van Essen en Geeske Smorenburg binne fannemoarn ûnderskieden as Lid yn de Orde fan Oranje Nassau. Alie van Essen om’t se al hast 60 jier aktyf is as frijwilliger by û.o. de âldereingymnastyk, mantelsoarger, dosinte turnen en folksdûnsjen.
Geeske Smorenburg waard huldige foar har ynset foar û.o. de kuorbalferiening, kommisje Wolwêzen, Linepraat en Doarpsbelang.