Sjongers, Spylmannen & Swankebasten
Kinne jim se noch; Peije, Paulus Jakje of Jan de Roas. Muzikanten en sjongers dy’t eartiids by de streek lâns gienen. Bennie Huisman, sels sjonger en spylman, skriuwer en ferteller, kin dizze wrâld út eigen ûnderfining want hy mei it sels ek graach dwaan: it spul fan ‘swalkjende sjonger’.
Moarn yn Friens in foarstelling mei moaie lietsjes en ferhalen, fansels mei in knypeach.