Trommelje foar moai waar

Sels mei help fan de Frienzer bern waard der snein besocht it waar nei harren hân te setten. Mei al har getrommel op de djembé waard besocht om de reingod geunstich te stemmen. Der moat noch grif in soad oefend wurde, om’t it de hiele dei mei de Frienzer merke net droech west hat.