De hobby fan…
Jan Posthumus, molkfeehâlder oan de Trije Romers, is gek fan âlde trekkers. As lyts jonkje learde hy thús op ’e pleats trekkerride op in Ferguson oldtimer. In oantal jierren ferlyn hat er in oldtimer trekker kocht en hielendal restaureare. Dit slagge tige goed.
No hat hy 15 stiks, de âldste is fan 1947 en rydt op benzine. Prachtich om te sjen dat je fan in âlde trekker wer in mooie ridende trekker meitsje kinne.