Winterse frontfoto
We hawwe in nije winterse foto boppe de webside. Dizze is makke troch Thiadmar van der Wal. Foar mids maart kinne jim wer in nije foto dy’t makke is yn Reduzum as Friens ynstjoere. De foto moat in JPG-bestân fan minimaal 1024×768 pixels, lizzend formaat wêze.
Stjoer dy op nei .redactie@reduzum.com De redaksje set de moaiste foto in oantal moanne op www.reduzum.com.