Soad drokte by disco op ‘e iisbaan

In protte fytskes stiene woansdei by de yngang fan de iisbaan. Mar ek in soad âlders kamen efkes mei har bern te riden. Mei gesellige muzyk fan DJ Bert-Jan en in koek en zopie wie de disco on ice tige slagge.