Theun, in grutte jonge
Theun Plantinga sit tsien jier yn it teaterfak. Om dit te fieren stie der ôfrûne sneon yn Idaerd op de planken mei syn earste soloprogramma ‘Grutte Jonge’. Syn karriêre begûn as fjouwer jierrich jonkje, doe’t er as Jozef yn de sneinskoalle himsels mar de haadrol tabedielde.
In ferskaat oan personages, dy’t belangryk wiene foar syn toniellibben kamen op dizze útferkochte jûn del. Sels de belangstelling fan de parse mocht op dizze jûn net ûntbrekke.