Wat sille we moarn ris ite?
At je gjin nocht ha oan itensieden, as je fine it leuk om nije gerjochten te diele, sjoch dan ris op Thuisafgehaald.nl. Dizze site is begûn mei it doel om troch it dielen fan iten mei oare minsken yn de kunde te kommen. Yvonne Bleijinga hat hjir al wat ûnderfining mei doe’t
se yn Ljouwert wenne. Se is allinnich en hâldt dêrtroch faaks wol iten oer. Moarn sille in oantal Redústers genietsje fan har Babi Ketjap mei hin en grienten út de wok.