Wêr komt dit stik fleis wei?
Juster hat âld Redúster Jappie Toering mei in oantal studinten yn’t doarp te filmjen west. Dit wie foar in projekt fan de oplieding Communication & Multimedia Design oan de NHL. Der waarden opnames makke oan de Nijlânsdyk, Ayttawei mar ek by Slachter Sixma foar.
Klanten en foarbygongers koene meidwaan oan in kwis. Se moasten oanwize wêr it karbonaadsje as de woarst sitte op de baarch. En dat fûl net ta.